Tariedings JONG FAMME partij yn folle gang
Mar foardat it sa fier is moat der oankommende woansdei earst lotte wurde. En dat lot, dat bysûndere lot, kin o’ sa belangryk wêze. Net sa sear foar de grutte kânshawwers, as EE, Boalsert en St. Anne, mar foaral foar de partoeren dy’t “op papier” wat minder kânsen ta dichten wurde. Twa kear in swakke tsjinstanner, in kear stean bliuwe en dan in pryske pakke. Soks is foar “de wat mindere partoeren” in dream senario. We sille it woansdei te jûn sjen want dan wurdt der yn in foar eltsenien frij tagonklike lotting útmakke hoe’t de list gearstalt wurdt. It bestjoer fan Jacob Klaver noeget hjirby dan ek eltsenien út om op woansdei te jûn 20.00 oere yn MFS “Wjukken” de lotting by te wenjen. Der hawwe har dit jier 17 partoer opjûn. Opfallend is dat it dochs kânsrike partoer fan Peinjum gjin tredde maat opjûn hat. Oare outsiders binne mooglik de twatallen fan Frjentsjer en Boazum. Boazum mei de suskes Sybrandy keatst altiten sterk op wichtige partijen en soe ek no wol wer ris fier komme kinne. De kânsen fan ús eigen partoer moatte we, earlik is earlik, sykje by in moai lot, groeie yn de wedstriid en dan mar sjen wat der allegearre mooglik is. Earst woansdei mar ris lotsje!! Sneon tsjin healwei seizen dan witte wy in protte mear.
Geplaatst op 30 June 2009